De fankes fan it pankoekskip

“Foodie Poëzie – Culinaire Gedichten„

Sjerpfrissels en sjerpmûltsjes
En hantsjes folle mei
Struisûkerich dreamsân
Keinens wjerspegele yn
Eachpinewite matrozekraach
Jim bin’de dochters fan ‘e
Lêste Tsaar

Ik dream wer yn
Soeljûnich wurdende nachten
Oan ‘e Swarte See
Swiet besleekswit
Earmke yn earmke susters
Sjoch én hear ik
Núnderjend troch Odessa
Stikem sygretsje draaiend
Yn ’t foaryn

Wat bin’jim jong
Ik wol no net witte
Dat jim hjoedhûdige strakkens
Yn âldwiif Baba Jaga
Fellen en bellen feroarje sil
Jou my nó jim
Hurd diamanten herten
Dêr ’t ik nea yn wenje mei
Ik moat oerlibje
Weagjend op jim
Sêfte bestellingstimmen

Eale jongfaamm haw begrutsjen
Mei dizze earme bidler moezjik
Myn leafde makket my kjel en gek

Op ‘e fraach hokker pankoek
Ik ha wol
Anderje ik
Nei in krekt te lange stilte…

Ach doch my mar ien mei spek!

poetry43van Anne Feddema.
Reidhintsje op ‘e Styx
Koperative Utjowerij Easterein 2005

Bestel een dichtenbundel van Anne Feddema bij

Meer culinaire gedichten zijn te vinden op Foodie Poëzie.
Als je nog een ‘Foodie Poëzie’ (culinaire gedicht) kent, mag je dit altijd laten weten via mail!

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s

Deze site gebruikt Akismet om spam te bestrijden. Ontdek hoe de data van je reactie verwerkt wordt.